Frachtauto yn sleat by Snits

28 maaie 2008 - 08:20

De rûnwei by Snits hat woansdeitemoarn betiid foar in part ôfsletten west. Der moast in frachtauto út ´e sleat helle wurde. De sjauffeur is net ferwûne rekke.

De sjauffeur waard ûnder it riden belle. By it opnimmen fan ´e mobile tillefoan stjoerde er de frachtauto de sleat yn. Yn ´e oplizzer siet fiif ton oan kranten. De frachtauto is út ´e sleat helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)