Frachtauto yn feart by Doanjum

28 apr 2012 - 16:34

In frachtauto is sneontemiddei tusken Frjentsjer en Doanjum yn de sleat rekke. De bestjoerder ferlear op de Getswerderdyk, parallel oan de A31, de macht oer it stjoer. Hy is net ferwûne rekke.

De plysje hellet de takograafskiif út it stjoer fan de trekker om te sjen oft de man him wol oan it rydtidebeslút hâlden hat. Neffens de plysje is dat in standert-proseduere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)