Frachtauto slingeret oer A32

07 mrt 2010 - 14:43

Op de A32 by Aldeholtwâlde is sneontejûn in frachtauto fan 'e dyk helle. De plysjes seagen dat de truck al slingerjend de hiele rydbaan yn beslach naam. Se joegen de bestjoerder in stopteken en kontrolearren de man.

Fanwege in fermoeden fan te folle alkohol is de man nei it plysjeburo brocht. Om medyske redenen koe er net blaze en dêrom is him in bloedproef ôfnaam. Hy hie yndie te folle dronken. Syn rydbewiis is yn beslach naam en hy krige ek noch in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)