Frachtauto om op rûnwei Snits

18 okt 2007 - 17:27

In kantele frachtauto hat tongersdei foar in soad problemen soarge op de rûnwei fan Snits. De auto, mei goed 7000 kilo jirpels, gong om goed healwei fiifen om op de eastlike rûnwei. Dertroch koe goed twa oeren lang mar ien rydstrook brûkt wurde op de dyk tusken it akwadukt en de wyk Pasveer.

Troch wurksumheden wie ek de oare kant fan de rûnwei ôfsletten en ûntstiene der lange files.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)