Frachtauto kantele op Wâldwei

12 feb 2013 - 11:31
  • De kantele frachtwein op de Wâldwei by Drachten

By in ûngelok op de Wâldwei is tiisdei in frachtweinsjauffeur (41) út Lichtenvoorde ferwûne rekke. Troch ûnbekende oarsaak kantele syn frachtwein fol hússmoargens by it knooppunt Drachten-Nijegea. De Wâldwei hat inkelde oere sletten west foar alle ferkear, mar is yntusken wer frij.

De frachtwein moast fuorthelle wurde en it hússmoargens dat oer beide rydstroken lei, moast opromme wurde. De sjauffeur hat ferwûnings oan de holle oan it ûngelok oerhâlden en is foar kontrôle nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)