Frachtauto fêst yn H'fean

19 sep 2008 - 11:27

In 70-jierrige bestjoerder fan in frachtauto mei oplizzer is freedtemoarn fêst komme te sitten ûnder it spoarfiadukt op de Koornbeurswei op It Hearrenfean.

De Ljouwerter ried rjochting de Haskerútgong en hie net yn de gaten dat it fiadukt leger wie as syn kombinaasje. Hy kaam fêst te sitten en rekke dêrby ferwûne. Hy is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De frachtauto is troch in bergingsbedriuw wer loslutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)