Frachtauto ferliest betonblokken

09 jul 2004 - 16:28

By de stopljochten op de A31 by Goutum hat it ferkear freed lêst hân fan in frachtauto dy't syn lading kwytrekke wie. Dat barde op de eastlike rydbaan fan de fjouwersbaansdyk yn de rjochting fan de stêd.

De frachtauto ferlear in oantal betonblokken. Dy moasten op in oare wein tild wurde. Ien rydbaan wie ôfsletten foar it ferkear. Neffens de plysje koe it ferkear mei wat fertraging wol gewoan oer út krúspunt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)