Frachtauto fan A6 ôfrekke

05 maaie 2009 - 10:05
  • Foto: Alex Zwart

Op de A6 tusken De Jouwer en Emmeloard is tiisdeitemoarn in frachtauto fan de dyk rekke. It ûngelok barde tusken de ôfslach nei Sint Nyk en de ôfslach nei Eastersee. De man is de dyk oer sketten en oan de oare kant fan de fangrail bedarre.

Hy raamde dêrby in persoane-auto. De bestjoerster dêrfan rekke ferwûne. It ferkear sil de hiele moarn noch wol lêst ha fan de werstelwurksumheden oan de dyk en it fuortslepen fan de frachtauto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)