Fraai begjin SC Hearrenfean

04 aug 2013 - 00:36

Sportklup Hearrenfean is it seizoen goed úteinset mei in 4-2 oerwinning op AZ. Yn de earste helte kaam Hearrenfean op 1-0 troch in penalty fan Finnbogason nei in handsbal fan Wuytens. Nei rêst kaam AZ werom troch in goal fan Johannsson, mar al gau kaam Hearrenfean op foarsprong troch goals fan Finnbogason en Van Anholt.

Troch in reade kaart fan Dijks yn de 71ste minút en in goal twa minuten foar tiid fan Jóhansson waard it noch spannend, mar Van La Parra soarge yn blessueretiid foar de 4-2.

Hearrenfean spile moai en attraktyf fuotbal en pakte fertsjinne de trije punten. Takom wike spilet Hearrenfean út by NAC Breda.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)