Fraachtekens skeining brúnfisk

26 mrt 2009 - 15:11
  • Twivels oer ferhaal skipsskroef

Natuersintrum Ecomare op Texel set grutte fraachtekens by de ferklearring foar skeinde brúnfisken. Neffens it Nederlânsk Forensysk Ynstitút binne de brúnfisken skeind troch skipsskroeven. It soe net om ferwûnings gean dy't minsken mei opsetsin oanbrocht hawwe.

Ecomare neamt de ferklearring ongeloofwaardig. Brúnfisken bliuwe yn 'e regel fier út de buert fan skippen. Boppedat binne op de kadavers ferwûnings oan de kiel fûn, en spoaren fan tou om de sturten fan de fisken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)