Fraachtekens oer fuortgong As

23 aug 2012 - 12:38

De provinsje Fryslân sil gewoan begjinne mei de oanlis fan de Sintrale As. Ek al ha se noch net alle grûn yn hânnen. As earste stiet de rûnwei om Garyp op steapel. Oare wike wurdt it wurk definityf oan Haarsma út Tjerkwert gund. Neffens in wurdfierder fan it projektburo Sintrale As is yn it bestek al rekken hâlden mei it feit dat by it úteinsetten fan it wurk net alle grûn yn besit is.

Rintmaster Tjalling van Eysinga fan Ysbrechtum tinkt lykwols dat de oanlis fertraging oprint, want syn kliïnt Paulusma fan Garyp hat noch krusiale grûn.

Van Eysinga stiet grûneigners by. Oare wike moandei is der wer oerlis tusken de grûneigner yn Garyp en de provinsje. It hiele projekt sintrale as kostet 300 miljoen euro. Alle moannen dat de oanlis fertraging oprint kostet de provinsje 300.000 tûzen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)