Fraachtekens foar Van Basten

17 maaie 2013 - 15:53
  • Arnold Kruiswijk
  • Kristoffer Nordfeldt yn syn Hearrenfean-dagen

It is noch net dúdlik oft Marco van Basten yn de twadde play-off wedstriid tsjin FC Utrecht beskikke kin oer Arnold Kruiswijk en Kristoffer Nordfeldt.

Kruiswijk is herstellende fan in ljiskblessuere en hat freed mei de beloften meitraind. Nordfeldt hat de lêste training oerslein. De doelman hat tongersdei fan in botsing mei Mike van der Hoorn fan Utrecht in seare kaak oerhâlden, mar liket snein wol te heljen. "Hij heeft last met eten. Alleen als hij tot zondag niet eet, wordt het een lastig verhaal", seit Van Basten.

De komst fan Mitchell Dijks foar takom seizoen is sa goed as rûn. De 20-jierrige linkerferdigener wurdt hierd fan Ajax. SC Hearrenfean is ek dwaande mei NAC-ferdigener Eric Botteghin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)