Fraach oer 'kofferguys' fan Fryske blogster giet 'viral'

15 mrt 2016 - 07:19

Tenei 'kofferguys’ yn it RTL4-programma Miljoenenjacht: mear as 40.000 minsken sjogge dat wol sitten. De Fryske blogster Johanna Kommerie fan Damwâld pleatste moandei in oprop op Facebook, rjochte oan presintatrise Linda de Mol, mei dêryn in opmerklik fersyk. Se wol dat de kofferkes yn it programma foar de feroaring ris iepene wurde troch knappe 'kofferboys' yn stee fan de gebrûklike froulju. De blogster krijt mei har idee in soad byfal op social media, mear as tûzen minsken ha yntusken reagearre op de oprop op Facebook.

'Koffer-guys'

''Iedere keer 26 ‘koffer-girls’ het koffertje laten openen is op den duur een beetje saai'', sa skriuwt Johanna Kommerie yn har Facebook-berjocht. ''Niets ten nadele van deze prachtige dames, maar wij (ik spreek voor het gemak maar even voor heel veel vrouwen én mannen) zouden ook graag eens een keer zien dat deze koffertjes geopend worden door een stel knappe ‘koffer-guys’!''

Miljoenenjacht

Mear as twa miljoen minsken seagen sneintejûn nei de earste ôflevering fan it nije seizoen fan Miljoenenjacht, it spannende telefyzjeprogramma op RTL4 dêr't de dielnimmers kofferkes iepenje moatte op jacht nei in mooglike jildpriis fan ien miljoen euro. De senuweftige dielnimmer makket in kar út in grut ferskaat oan kofferkes mei in bepaald jildbedrach, dy't dêrnei iepene wurde troch 26 knappe froulju. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)