Fraach nei flagge Vaticaanstad

04 apr 2005 - 22:04

By de Dokkumer Vlaggen Centrale binne moandei al flink wat bestellings fan parochys binnenkaam foar flaggen fan Vaticaanstad. Dat is in giel-wite flagge, mei dêrop de pauslike tekens. Giel en wyt steane symboal foar it katolike leauwe.

De flagge fan Vaticaanstad mei freed by de útfeart fan de paus yn top at der foarsjoen is fan in swarte wimpel. By in kombinaasje mei de Nederlânse flagge moatte beide flaggen healstôk hingje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)