Fraach nei enerzjysubsydzje

04 maaie 2010 - 17:29

Al 30 huzebesitters hawwe subsydzje oanfrege om har hûs enerzjysuniger te meitsjen. It giet dan bygelyks om de ynstallaasje fan sunige CV tsjettels, sinneboilers of isolaasjemateriaal. De Provinsje Fryslân sette moandei útein mei in subsydzjeregeling foar wenten dy't foar 1995 boud binne.

Doel is om partikuliere wenningbesitters te stimulearjen har huzen twa enerzjyklassen suniger te meitsjen. Yn totaal sit der 1 miljoen euro yn de provinsjale subsydzjepot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)