Fr. Akademy: 'Mear gearwurkje'

06 sep 2013 - 20:04
  • De gebouwen fan de Fryske Akademy

As de Fryske Akademy deryn slagget om kontakt te lizzen en te ûnderhâlden mei de Friezen, dan is der in takomst as wittenskiplik ynstitút fan Fryslân. Mar dan moat der wol folle mear gebrûk makke wurde fan de kennis dy't oeral yn de provinsje foar it gripen leit. Dat wie it boadskip van Pieter Winsemius en Hanno Brand, direkteur fan de Fryske Akademy. Beiden sprutsen freed op it 75-jierrich jubileum fan de Akademy.

De Akademy is drok dwaande om mear gear te wurkjen mei oare organisaasjes. Se dogge ek mei oan nije media lykas twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)