Fout yn keatling Achtkarspelen

18 mrt 2004 - 00:00

It amtskeatling fan Achtkarspelen kloppet net. Op it keatling steane de wapens fan alle doarpen yn de gemeente. It symboal fan Koatstertille doocht net. It ûntwerp ha de Tilsters trije jier lyn ôfkard. It keatling wie yn 1999 al makke.

It ûntwerp wie troch de Fryske Rie foar Heraldyk makke, mar net foarlein oan de Tilsters. Oan de nuvere sitewaasje is oant no ta neat dien. De Tilsters wolle dat it goede wapen der ynset wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)