Fout op plakette Ofslútdyk

20 des 2007 - 11:47

Rykswettersteat hat in flater makke op in plakette dy't earder dit jier op 'e Ofslútdyk oanbrocht is. Dêr stiet yn it Nederlânsk en Ingelsk op dat keninginne Wilhelmina de dyk op 25 septimber 1933 offisjeel iepene hat. Dat wie net sa. De Ofslútdyk is iepene troch de direkteur-generaal fan 'e Suderseewerken en de minister fan Ferkear en Wettersteat.

De flater waard ûntdutsen troch de útbater fan lunsjroom 't Monumint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)