Foto's út Twadde Wrâldoarloch by HCL ynbrocht

06 des 2014 - 17:04
  • Foto's út Twadde Wrâldoarloch nei HCL

Sa'n 15 minsken ha sneon by it HCL west om foto's fan Ljouwert yn de Twadde Wrâldoarloch yn te bringen. It histoarysk sintrum hie lêsten in oprop dien oft der fotomateriaal is fan benammen it deistige libben yn de oarlochsjierren. Ien fan de besikers liet in foto sjen fan in sirkus op it Saailân yn 1942. Ek wie der in foto fan in hurdfytswedstriid.

It materiaal is scand en wurdt brûkt foar in fotoboek, dat yn april takom jier ferskynt yn gearwurking mei it Fries Verzetsmuseum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)