Foto's meitsje yn Fries Museum bliuwt tastien

29 des 2014 - 16:24
  • Fototastel

It Fries Museum slút him net oan by de aksje fan it Van Gogh Museum yn Amsterdam. Dat museum hat besletten om it meitsjen fan foto's fan skilderijen te ferbieden. It flitsljocht is net goed foar de ferve en de fotografen soargje foar oerlêst. Oare besikers kleie dat se de skilderijen net mear goed besjen kinne. Guon minsken sette sels in statyf foar it wurk del om foto's nimme te kinnen.

It Fries Museum fynt it bêst dat der foto's makke wurde en freget de minsken de foto's te dielen fia social media.

Der mei yn it Fries Museum lykwols gjin gebrûk makke wurde fan flitsljocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)