Foto's finzenen op ynternet

08 maaie 2008 - 16:36
  • Ype Rodenhuis waard yn 1882 frijlitten út de Ljouwerter finzenis

Fan tongersdei ôf kinne minsken op de foto-side www.Tresoar.nl neigean oft se noch kriminele woartels hawwe. Yn de byldbank fan it kulteur-histoarysk ynstitút op ynternet steane foto's en beskriuwingen fan goed 1700 minsken dy't tusken 1882 en 1896 yn de finzenis yn Ljouwert sieten.

De ynformaasje komt út in geheim opspoaringsregister fan justysje en kin dus no foar it earst troch elkenien besjoen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)