Foto's fan oarlochsguod makke

25 jul 2012 - 20:51

Alle objekten út de kolleksje fan it Verzetsmuseum yn Ljouwert komme op de foto. It museum is in jier ticht fanwege de ferhuzing nei it nije Fries Museum. Alle helms, radio's, flaggen en oar oarlochsguod wurde op de foto set sadat de 8.500 objekten ek digitaal te besjen binne.

Fia http://collectie.verzetsmuseum.nl/ is de kolleksje digitaal te besjen. Yn septimber 2013 giet it Fries Verzetsmuseum iepen yn it Fries Museum yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)