Foto's bewize yllegaal fiskjen

20 feb 2003 - 00:00

Foto's ha yllegale fiskerij by Flylân foar it ljocht brocht. Stichting Wilde Kokkels krige it materiaal yn hannen en hat oanjefte dien by de Algemiene Ynspeksjetsjinst.

Op de foto's is te sjen hoe't de fiskers op 'e lêste kokkelbank, dy't foar fûgels ornearre is dwaande binne. De foto's tsjinje as bewiismateriaal. De kokkelfiskers beskuldigje de stichting fan manipulaasje. De AID ûndersiket de spoaren by Flylân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)