Fotokrante oer swalkers

07 sep 2010 - 17:26
  • Foto: Marijke van Ruiten

Yn Ljouwert is tiisdei in spesjale, fergese fotokrante oer dakleazen presintearre. Hy hjit 'Rozen Zonder Doornen'. Der wurdt in byld yn sketst fan it libben fan dakleazen. Yn de krante binne foto's te sjen fan de wenomstannichheden yn opfanghûs De Terp en fan leden fan in fuotbalteam dat bestiet út dakleazen. Sa moat der mear begryp komme. De swalkers krigen tiisdei in eksimplaar fan 'e krante. De foto's binne makke troch Marijke van Ruiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)