Fotokamera tsjin fandalisme

16 feb 2004 - 00:00

Wûnseradiel wol it fandalisme bestride mei in fotokamera. De 13 basisskoallen yn de gemeente krije in digitale kamera. De learlingen moatte dêr foto's mei meitsje fan fernielings yn har om- jouwing. Neffens de gemeente wurde bern sa bewust fan de skea en de ellinde dy't fandalisme feroarsaakje kinne.

Boargemaster Piersma joech moandei it startsein foar it projekt 'Help vandalisme afbreken'. De bern waarden tasprutsen by de anty-fandalismebus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)