Fotograaf Maarten Boersema út Blije wint SmartPhone Award

28 okt 2015 - 20:27
  • De winnende foto

Fotograaf Maarten Boersema fan Blije hat de sjuerypriis wûn by de SmartPhone Photographer of the Year Awards. Hy naam it op tsjin 400 oare fotografen út hiel Nederlân. 

It tema fan de fotowedstryd wie optimisme en Boersema woe dat yn byld bringe op Lesbos, it Grykske eilân dêr't in protte flechtlingen oankomme. De foto sil feild wurde en de opbringst giet nei it goede doel Stichting Bootvluchteling. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)