Fotograaf Gert Gort stoarn

29 jan 2011 - 14:52

Fotograaf Gert Gort is freed by in ûngelok om it libben kommen. Hy wie yn de auto op wei om by Harns foto's te meitsjen fan de ûndergeande sinne, doe't er net goed waard. Hy botste tsjin in bolder en wie op slach dea.

Gort is ûnder oare bekend wurden as sportfotograaf. Syn wurk waard publisearre yn kranten. Yn 2006 wûn er de twadde priis by de Zilveren Camera yn de kategory keunst mei in foto fan in evenemint op Oerol. Gort is 49 jier wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)