Foto Pyt brûkt yn Israelaksje

07 aug 2014 - 19:44

SBS is lilk op de behearders fan de Facebookside Holland4Israel. Dy side hat in foto fan Pyt Paulusma brûkt yn in satirysk berjocht oer de bommerein fan Hamas op Israel. By de foto stiet it waarberjocht foar ferskate plakken. By Tel Aviv stiet yn stee fan reinwetter in tal bommen.

Neffens SBS is der lykwols gjin tastimming jûn foar it brûken fan de foto fan Paulusma. De stjoerder hat no easke dat de foto fan de Facebookside ôfhelle wurdt. Is dat freed net dien, dan folgje oare stappen.

Paulusma sels wie net op de hichte fan de aksje fan Hollan4Israel en seit dat de foto yndie fan SBS is. Fierder seit Paulusma dat er him net útlitte wol oer politike kwestjes. ,,Ik gean allinnich oer it waar."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)