Foto Kral makket trochstart

12 nov 2005 - 15:28

De fallite fotoketen Kral makket in trochstart. Dat meldt it Dagblad van het Noorden op grûn fan in petear mei kurator Pieter Lettinga. Kral hat in hûndert festigings, ek yn Fryslân.

Nei de trochstart bliuwt der wurk foar in part fan de 450 personielsleden. Hokker partij de winkels oernimt, wol de kurator noch net sizze. Lûden oer belangstelling fan de famylje Kral sels, wurde troch Lettinga tsjinsprutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)