Foto-fytsrûte lâns tsjerken

19 sep 2014 - 07:18
  • Tsjerke Boksum

De ynternasjonale fotomanifestaasje Noorderlicht, dy't oant en mei 26 oktober yn it Fries Museum holden wurdt, hat mei de stifting Alde Fryske Tsjerken in bysûndere foto-fytsrûte opset. Tolve fotografen, ûnder wa de lanlik en ynternasjonaal bekende Tryntsje Nauta, litte derby harren wurk sjen yn acht Fryske tsjerken op it plattelân.

Keunstleafhawwers kinne dan op de fyts de ferskate eksposysjes bylâns: in tocht fan 55 kilometer. As de tsjerke-rûte in sukses wurdt, wolle beide organisaasjes in jierliks evenemint fan it projekt meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)