Foto-finish yn Finlân

28 feb 2003 - 00:00

Yn it Finske Kuopio stiet sneon de alternative Alvestêdetocht op it program. As test rieden santich riders tongersdei alfêst in maratonwedstriid op it natoeriis. Kromkamp, út Wolvegea, en Meggelen eindigen tagelyk.

De sjuery moast de foto's besjen om út te finen wa't de rapste wie. Op de foto wie inkeld in swarte flek te sjen. De kamera stie nammentlik achter in dikke finishpeal. Sa moat it sneon dus net. Beide riders binne as winners útroppen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)