'Foto-finish' Grou en De Lemmer

23 jul 2003 - 00:00

De earste wedstryd op 'e Lemmer ferrûn tige spannend. Like it der earst op dat Ljouwert en De Lemmer op kop leinen, letter pakte Grou dochs it earste plak. Grou en De Lemmer finishten sawat tagelyk. Tredde waard it skûtsje fan Snits, dat earder mei It Hearrenfean en Ljouwert ôfweefde. Snits bliuwt it klassemint oanfieren.

Der wiene protesten tusken Boalsert en Langwar, en Drachten en De Heale Moanne. Dy binne allegear ynlutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)