Foto fan kompjûterdief ophongen

09 aug 2004 - 16:40

Eigner Zijlstra fan kompjûterbedriuw OKE PC yn Burgum hat foto's yn syn saak ophongen fan in man dy't dêr sneon in djoere laptop stellen hat. Doel is om de laptop werom te krijen, mar ek om de plysje in hantsje te helpen by it pakken fan de dief.

De bylden dy't in befeiligingskamera makke hat, binne skerp. Zijlstra ferwachtet dan ek dat minsken de man mooglik wol herkenne kinne. It giet om in jongeman mei in reade rêchsek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)