Foto-eksposysje oer Reve

01 mrt 2010 - 20:37
  • Huize Het Gras

Yn it histoarysk argyf Tresoar binne fan snein ôf foto's te sjen fan it libben fan skriuwer Gerard Reve yn Greonterp. It giet om de tiid dat Reve mei syn freonen Teigetje en Woelrat yn Huize Het Gras wenne. Yn dy perioade binnen tûzenen foto's makke.

Neist in seleksje dêrút binne ek literêre dokuminten en persoanlike besittingen út Huize Het Gras te sjen. De foto's ferskine ek yn in boek dat Teigetje en Woelrat publisearje. De eksposysje duorret oant 15 maaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)