Foske tredde op NK-maraton

26 des 2011 - 16:22

Friezinne om utens Foske Tamar van der Wal is twadde krystdei tredde wurden by it NK maraton reedriden foar froulju yn Thialf op It Hearrenfean. De grutte favoryt koe Mariska Huisman út West-Graftdijk yn Noard-Hollân yn de massasprint net fan de winst ôfhâlde. Twadde waard Bianca Roosenboom út Kampen. Yn totaal moasten de froulju santich rûntsjes ride. It fjirde plak wie foar Manon Kamminga fan It Hearrenfean

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)