'Fosforloazer moat betelje'

18 jan 2010 - 17:02

Bedriuwen dy't in soad fosfor rinne litte, moatte dêrfoar betelje. Dat fynt Wetterskip Fryslân. Mei de maatregel wurdt de rekken dellein by de fersmoargers en net langer by de belestingbetellers.

Fosfor yn it wetter is skealik foar it miljeu. Yn Fryslân is mar in beheind tal bedriuwen ferantwurdlik foar in grut diel fan it fosfor yn 'e Fryske suveringsynstallaasjes. De bedriuwen dy't it oangiet krije meikoarten in oanslach fan it wetterskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)