Fortuin springt fier op NK

06 feb 2010 - 16:22
  • Fierspringster Annelies Fortuin

Fierspringster Annelies Fortuin fan Stiens hat sneon op de Nederlânske Kampioenskippen Indoor foar in grutte ferrassing soarge troch in sulveren medalje te winnen. Fortuin sprong op it NK in persoanlik rekôr mei 5 meter 98. Allinnich mearkampster Karin Ruckstuhl sprong fierder: 6.50 meter.

Nikki May Woudstra fan Wolvegea wûn brûns by it heechspringen. Woudstra sprong 1.78 m. Sietske Noorman waard kampioene op dit ûnderdiel. Sy berikte deselde hichte yn minder sprongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)