Formulierebrigade stiet faai

26 okt 2009 - 10:10
  • Je kinne no noch op ynternet de formulierebrigade ynskeakelje

It fuortbestean fan 'e Ljouwerter formulierebrigade is yn gefaar. De tsjinstferliening foar minima is in súkses, mar der is gjin jild mear foar. Meiwurkers fan 'e brigade helpe minsken mei in minimumynkommen om formulieren yn te foljen en in berop te dwaan op subsydzjeregelingen dêr't se foar yn 'e beneaming komme.

De fjouwer meiwurkers hawwe de Ljouwerter minima yn it earste jier dat de brigade bestiet foar in lytse trije ton oan subsydzje holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)