Formido Ljouwert fallyt

21 apr 2010 - 11:47

De Formido yn Ljouwert is fallyt. Neffens it haadkantoar is de eigner fan de festiging oan de Elzenstrjitte yn swierrichheden rekke troch de ekonomyske krisis. It haadkantoar wol mei de kurator besjen of der trochstartmooglikheden binne. De kurator is woansdei yn oerlis by de Formido yn Ljouwert.

Klanten dy't produkten by de Ljouwerter Formido besteld hawwe en oanbetellings dien hawwe, kinne telâne by de Formido yn Stiens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)