Forel fiskje yn Noardwâlde

25 jun 2003 - 00:00

Sportfiskers yn Weststellingwerf krije der mooglik in nije attraksje by. Dit jier noch moat begûn wurde mei de oanlis fan twa fiskfivers mei in romte foar hoareka en ûntfangst fan minsken. Yn de fivers by Noardwâlde-Súd komt forel te sitten.

Inisjatyfnimmer Dekker hat twa bunder grûn by syn hûs kocht foar dit plan. De gemeenteried is der posityf oer. Dekker fynt it in moaie oanfolling op de al besteande rekreaasje yn it gebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)