Foreign Child oplichten

28 nov 2009 - 16:13
  • De stifting docht goed wurk foar de bern yn Sierra Leone

Stifting Foreign Child út Harns, dy't jierrenlang in weeshûs yn Sierra Leone stipe hat, is oplichten. De Afrikaanske manager fan it projekt hat in goede 20.000 euro foar eigen gewin brûkt. Boppedat makke er him skuldich oan intimidaasje en bedriging.

Bekende sponsors fan de stifting as Pyt Paulusma, de advokaten Anker en Omrop Fryslân-presintatrise Miranda Werkman binne bot skrokken. De stifting hat in oanklacht tsjin de manager, dûmny Bai, yntsjinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)