Fordham komt nei Fryslân

13 jan 2004 - 00:00

Andy Fordham komt takom wike tiisdei nei Warns. De wrâldkampioen darten spilet yn restaurant Op Warns in demonstraasjewedstriid. Hy is ein jannewaris ek by it iepen Amelanner kampioenskip foar koppels.

Fordham, dy't de bynamme The Viking hat, wûn snein it wrâldkampioenskip pylkjesmiten yn Frimley Green. Oan dat Lakeside-toernoai die Rick Hofstra fan Snits ek mei. Hy ferlear fan Mervyn King, dy't úteinlik twadde waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)