Foppe's Oranje nei heale finale

30 maaie 2006 - 13:38

"In fertsjinne oerwinning", wie it kommintaar fan Foppe de Haan moandei nei de oerwinning fan Jong Oranje op Jong Italië. Troch de 1-0 winst giet Jong Oranje troch nei de heale finale. Yn dy heale finale op tongersdei is Frankryk de tsjinstanner.

De Haan hie in wichtich oandiel yn de oerwinning troch in saneamde gouden wissel. Hy brocht yn 'e twadde helte Daniël de Ridder yn 'e ploech, dy't by syn earste balkontakt skoarde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)