'Foppe werom by Hearrenfean'

20 maaie 2011 - 15:30

Foppe de Haan giet der fanút dat hy takom seizoen wer by Hearrenfean oan de slach giet. Yn hokker funksje dat wêze sil is noch net dúdlik, dêr moat noch oer praat wurde. Mar hy soe wol graach wat mei de jeugd dwaan wolle.

Foppe de Haan is no trainer fan Ajax Cape Town út Súd Afrika. Mei dy ploech kin hy sneon kampioen wurde as de lêste wedstryd fan it seizoen wûn wurdt. Dêrnei wol hy graach wer wat foar Hearrenfean dwaan. Ferline wike hat der al kontakt west mei de klup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)