Foppe wer werom by It Fean

29 sep 2011 - 15:16

Foppe de Haan giet definityf wer oan de slach by SC Hearrenfean. Beide partijen binne dat tongersdei iens wurden. De Haan sil de coaches coache fan de fuotbalskoalle oant en mei de A-junioaren. Ek spilet er in rol by it opspoaren en begelieden fan talinten.

Fierder sil Foppe in plan skriuwe foar de fuotbaloanpak fan de fuotbalskoalle oant en mei de beloften. Mei it earste alvetal hat er neat te dwaan. Wol stean trainer Ron Jans en Foppe de Haan iepen foar elkoars ideeën.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)