Foppe moat noch kieze tusken St. Juste en Van den Boomen

04 des 2015 - 12:09
  • Jeremiah St. Juste

Foppe de Haan is der noch út oft er kiest foar Branco van den Boomen of Jeremiah St. Juste. De Hearrenfeantrainer stelt fierder wol deselde spilers op tsjin Ajax as yn de wedstriid tsjin Roda JC. St. Juste komt krekt werom fan in blessuere. De Haan makket letter de kar foar it plak op it middenfjild.

Pelé van Anholt is der net by tsjin Ajax. De Boalserter hat lêst fan 'e knibbel. Younes Namli trainde wol wer mei, mar apart fan de groep. De ferwachting is dat de Deenske oanfaller der oare wike wer by wêze kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)