Foppe hat noch net bytekene

24 jun 2008 - 09:38
  • Foppe wegert syn hantekening te setten

Foppe_de_Haan hat syn kontrakt by it fuotbalbûn KNVB noch net ferlingd. It wie de bedoeling om by te tekenjen oant en mei it Europeesk Kampioenskip takom jier yn Sweden.

De bûnscoach wegert syn hantekening te setten omdat er net akkoart giet mei in bepaling yn it nije kontrakt. Foar alle mediakontakten moat Foppe tastimming ha fan it fuotbalbûn. Dat wegert Foppe. Hy wol sels baas wêze oer syn eigen hâlden en dragen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)