Foppe fynt Gertjan de ideale trainer foar SC Hearrenfean

18 nov 2015 - 11:35
  • Gertjan Verbeek

Foppe de Haan sjocht Gertjan Verbeek as syn ideale opfolger as trainer by SC Hearrenfean. "Verbeek zou de ideale trainer zijn, dat is gewoon zo", sa seit Foppe yn in ynterview mei Voetbal International. Neffens de ynterim-trainer hat Hearrenfean in trainer nedich dy't minimaal trije jier bliuwt. "Heerenveen heeft enorm veel behoefte aan een man die toekomstgericht denkt, een man met een hoop energie." De Haan hat oanjûn oant de ein fan dit jier te bliuwen, mar hy oerwaget it seizoen ôf te meitsjen as dat frege wurdt.

Gertjan Verbeek is no trainer by de Dútske fuotbalklup VfL Bochum yn de Twadde Bundesliga en hat noch in kontrakt oant heal 2016. Hy wurke tusken 1994 en 2001 as assistint-trainer by SC Hearrenfean. Yn 2004 folge er Foppe de Haan op as haadtrainer. Fjouwer jier letter gie Verbeek nei Feyenoord. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)