Foppe de Haan yn Boppeslach

17 jun 2013 - 11:47
  • Foppe de Haan

Foppe de Haan docht moandei yn Boppeslach syn ferhaal. De âld-Hearrenfeantrainer joech ferline wike oan op te stappen as senior-coach. Hy hat gjin fertrouwen mear yn de direksje en ried fan kommissarissen fan SC Hearrenfean. Yn in wiidweidich ynterview giet De Haan dêr fierder op yn. Hy wol 'skjin skip' by de klup. Fan 1985 oant en mei 2004 wie Foppe de Haan yn tsjinst by SC Hearrenfean. Dêrmei wie er de langst sittende trainer yn it betelle fuotbal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)