Foppe de Haan wol bemiddelje foar bestjoer SC Hearrenfean

10 okt 2015 - 14:28
  • Foppe de Haan

Ald-trainer Foppe de Haan fan SC Hearrenfean sjocht foar himsels in rol as mediator by de fuotbalklup. Hy sei dat sneon yn it programma Spijkers met Koppen, dat fanút de Lawei yn Drachten útstjoerd waard.

It bestjoersmodel dat 17 minsken meiprate oer de koers fan de klup hat neffens de Haan net wurke, wylst it bedoeld wie om mear kontakt mei alle geledings yn de klup te hâlden. Der is al in skoft ûnrêst by SC Hearrenfean, mei in machtsstriid tusken it deistich bestjoer en it stichtingsbestjoer.

Sneon gong de oandielhâldersfergadering op it lêste momint net troch. It iennichste agindapunt wie it twongen fuortgean fan de foarsitter fan it deistich bestjoer Jelko van der Wiel. Hy krige dêr freed per e-mail berjocht fan.

Hy fynt dat de wize wêrop't der mei him omgien wurdt 'onmenselijk'. "Tien maanden geleden wilden ze me al ontslaan, en nu, een dag voor die mededeling, mailen ze weer af."

Van der Wiel hat spul mei it stichtingsbestjoer, ûnder lieding fan Anne Hettinga. Ofrûne wike stie der in groep fan 50 supporters yn de strjitte fan Anne Hettinga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)